Wolkom by It Skriuwersbûn

Wolkom by it Skriuwersbûn!

It Skriuwersbûn, of It Bûn (en ek noch It Boun fansels), is in feriening fan skriuwers en dichters yn en út Fryslân wei. Wy sette ús yn foar it ferbetterjen fan de kondysjes fan de Fryske literatuer, ûnderhâlde kontakten mei Provinsje, útjouwers en maatskiplike organisaasjes, en organisearje ferskate aktiviteiten, serieus en ûntspannend.

Bliuw op de hichte

Der bart fan alles yn de Fryske literatuerwrâld. Wichtich nijs út ús eigen feriening en relevant nijs fan oaren diele wy op ús nijspagina.

Leden krije regelmjittich in ledebulletin mei alle nijtsjes en gearkomsten tastjoerd.

As skriuwers, dichters, publisisten en oersetters jouwe ús leden fansels sa no en dan boeken en bondels út. Kom mear te witten oer alle boeken fan leden dy’t útkomme en de auteurs achter de boeken.

Sipke de Schiffart – ien fan de winners fan de Rely Jorritsmapriis 2022  

Aktiviteiten Skriuwersbûn

Elke lêste freed fan de moanne is elkenien wolkom by de FreMiBu, de freedtemiddeisbuorrel, fan 16.30 oere ôf yn Wouters.

Neist twa kear yn it jier in ledegearkomste organisearje wy ek oare aktiviteiten ta learing en ferdivedaasje fan ús leden en oaren.

Yn 2022 waard nei jierren wer in Skriuwerswykein organisearre. Dizze tradysje wolle wy yn alle gefallen yn eare hâlde! De plannen foar in wykein yn 2023 wurde al makke.

Leden wurde belutsen by it ûntwikkeljen fan nije ideeën fia wurkgroepen. Sa waard yn 2022 in nij plan oer honorearring en promoasje publisearre, wêr’t wy mei it fjild fierder oer yn petear sille. Ek binne der oanrikkemandaasjes dien foar in Fryske winner fan de P.C. Hooftpriis foar dichtkeunst yn 2024.

Skriuwerswykein, mei besite fan de Noard-Ierske skriuwer Brian McGilloway (op de foto mei Jitske Kingma, útjouwer fan de oersetting “De lêste oerstek”)

Facebooktwittermail