proseduere & betingsten
Ast belangstelling hast foar manuskripte-begelieding of –beoardieling, nim dan kontakt op mei de koördinator. It tillefoan-nûmer stiet op de flyer, it emailadres is skriuw@hotmail.com. Ast in mail stjoerst, set dan it tillefoannûmer derby. Dêrneist freegje wy dy it dielname-formulier yn te foljen. It is hjir te finen.
Yn in petear mei de koördinator wurdt besjoen wat dyn ferwachtingen en winsken binne.
it manuskript:
Soargje foar brede kantlinen, sadat der romte is foar opmerkingen fan de begelieder.
Unlêsbere teksten (hânskreaun of ûndúdlik printe) komme net yn oanmerking.
Foar de inkeling dy’t noch op in typmasine skriuwt: Soargje datst altyd sels in eksimplaar hâldst foar it gefal der wat misgiet by de post.
Stjoer it manuskript oer de post, net oer de mail. It adres is: SKRIUW, p/a E. Schotanus, Geraniumstrjitte 24, 8441 DT It Hearrenfean.
Graach it dielnameformulier ynfolje en mei it manuskript meistjoere. (Hjir te finen)
proseduere:
As in fersyk om begelieding of beoardieling fan in manuskript by Skriuw binnen komt, besjocht de koördinator oft it dêrfoar yn oanmerking komt. As bliken docht dat de skriuwer net oer de elemintêre feardichheden beskikt om ta in publikabele tekst te kommen, wurdt it manuskript wegere. Sa net, dan bemiddelt de koördinator tusken skriuwer en begelieder.
Rekkenje op in lêstiid fan maksimaal twa moanne.
kosten foar de skriuwer:
Skriuw is in projekt fan It Skriuwersboun. It doel is om skriuwers stipe en begelieding te jaan en sa te kommen ta mear en bettere Frysktalige literêre manuskripten. As it manuskript yn oanmerking komt, binne der foar de skriuwer gjin kosten oan ferbûn. As de skriuwer al yn it fûns fan in útjouwer sit en Skriuw net foldwaande finansjele middellen hat, kin de útjouwer in bydrage yn de kosten frege wurde.
As de beoardieling of begelieding ta in boekpublikaasje liedt, freegje wy trije eksimplaren.