skriuwe yn de memmetaal
Wa’t Frysk prate kin, kin de taal ek skriuwen leare. Dochs binne der in pear tûkelteammen: de twa- en trijelûden, it idioom, it ferskil tusken sprek- en skriuwtaal. Der slûpe hieltyd mear Nederlânske wurden yn de sprektaal. Foar de iene skriuwer leit de útdaging yn it brûken fan in libben en modern Frysk, mar sûnder al tefolle Hollannismen en sûnder de tiidwurden om te draaien, de oar hat in soad nocht oan it brûken fan wurden dy’st net alle dagen mear hearst.
Foar de measte Friezen jildt dat sy it Frysk net op skoalle leard ha. Dêrom, foar wa’t de taal net hielendal yn ’e macht hat, jouwe wy hjir wat ferwizings, ynformaasje en tips:
-
Online Frysk leare op ferskillende nivo’s: Edufrysk.nl -
Foar kursussen op it mêd fan taal en literatuer sjoch de webside fan de Afûk -
De Fryske staveringshifker foar Microsoft Office foar Windows is fergees del te heljen op de webside fan de Fryske Akademy. -
De Fryske TaalHelp jout help by it skriuwen en redigearjen fan Fryske teksten. It produkt is in unike kombinaasje fan staveringskontrôle en wurdboekfunksjonaliteit en wurdt op ienfâldige en yntuïtive wize brûkt binnen Microsoft Word. Mei it Frysk Wurdboek fan J.W. Zantema as basis, kinne hast 60.000 wurden maklik op stavering en betsjutting neisjoen wurde. Boppendat wurdt in foarkarstavering oanjûn en kriget de brûker ynformaasje oer wurden dy't gauris mei-inoar ferwiksele wurde, lykas 'bokse' en 'piip' of 'loft' en 'lucht'. Foar € 20,- te krijen by de boekwinkel fan de Fryske Akademy of dy fan de Afûk.
Taal- en grammatikaboeken:
-
Beknopte Friese vormleer - Teake Hoekema (€ 7,95) -
Fries in je pocket - Tsjerk Veenstra (€ 7,95) -
NIJ Frysk Hânwurdboek Frysk-Frysk Twa dielen ynclusief cd-rom (€ 64,90) -
Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk - Zantema (gearst.) (€ 30,65) -
Frysk Wurdboek Nederlânsk Frysk - Zantema (gearst.) (€ 27,-) -
Prisma grammatica Fries - Jan Popkema (€ 24,50) -
Stavering - Fedde B. Dijkstra (€ 7,50) -
Tiidwurden - Dick Eisma (€ 7,50)
Foar de echte wurdstruners noch twa oanrieders:
De Waling Dykstrawurdboeken binne as pdf-bestannen del te heljen op wumkes.nl. Moai idioom, mar tink derom: de wurdboeken binne yn de âlde stavering.
Op de taaldatabank fan de Fryske Akademy kinne skriuwers en oersetters nei de kontekst dêr't in bepaald Frysk wurd yn brûkt wurdt sykje. Hja kinne yn de taaldatabank ferskate sinnen fine dêr't dat wurd yn foarkomt. Foar de taaldatabank moat in passwurd oanfrege wurde. Sjoch de webside fan de Fryske Akademy.
nei ‘tips’ / Skriuw / home