tips
kursussen:
-
•By Tresoar wurde kursussen jûn op it mêd fan de Fryske literatuer, ek skriuwkursussen. Foar mear ynformaasje sjoch tresoar.nl, ûnder edukaasje.
-
•Alle jierren wurdt de ‘Provinsjale Skriuwdei’ organisearre, yn 2008 op snein 7 septimber yn ‘De Cirkel’ op It Hearrenfean. Der is in programma mei workshops en literêre optredens. Sjoch skriuwdei.nl
lêstips:
-
•Het geheim van de schrijver (2002) - Renate Dorrestein ISBN 9789025410308
-
Wurdt oankundige as in ‘hânboek foar begjinnende skriuwers’. Dat is it net, Dorrestein skriuwt oer har eigen skriuwproses. Leuk om te lêzen en dochst beslist in tal nuttige tips op.
-
•Literair Mechaniek - Erica van Boven en Gillis Dorleijn ISBN 90 6283 383
-
It boek is ornearre foar studinten dy’t har dwaande hâlde wolle mei de analyse en ynterpretaasje fan literêre teksten. In learboek dêr’t sawol proaza as poëzy yn behannele wurde: it giet om saken as lyryk, styl, byldspraak, fertel-perspektiven en personaazjes. Wa’t sels skriuwt kin de mear literêrtechnyske terminology mei in gerêst gewisse neist him del lizze, mar it is wol goed om dy bewust te wêzen hoe ast nei in tekst sjen kinst. Net muoilik om te lêzen en rynsk yllustrearre mei foarbyldteksten.
-
•Het Prozaboek - Bert Jansen en Pim Wiersinga, ISBN: 9029067780
-
Skriuwe is in kar meitsje. Hokker perspektyf kiest? Hoe setst de struktuer op? Het prozaboek rjochtet him op de praktyk en is skreaun fanút de praktyk wei: beide auteurs binne skriuwdosint. Handich by it sykjen fan oplossings foar technyske kwestjes.
-
•Der binne in tal websiden dêrst skriuwtips opdwaan kinst, bygelyks schrijvenonline. Op schrijvenonline stean û.m. oefeningen en der is in boekelist te finen.
literêre tydskriften:
Publikaasjes yn ien fan de Fryske (literêre) tydskriften is in wichtige oantrún foar skriuwers. Soms stjoert de redaksje dy kommentaar foar’t it pleatst wurdt. Sels fan in ôfwizing kinst wat opstekke. Understeande tijdschriften betelje foar publikaasje en útjouwers sjogge mei belangstelling oft nije talinten har yn de tydskriften opponearje. Op it stuit binne der trije:
-
•It algemien-kultureel opinyblêd De Moanne is twatalich. De Moanne jout omtinken oan (Fryske) literatuer troch it pleatsen fan ferhalen, poëzije, resinsjes en essees. Sjoch ek: demoanne.nl
-
•Ensfh is in Frysk literêr tydskrift. Fan Ensafh ferskine jierliks op ynternet 20 ôfleveringen en op papier 7 nûmers. It blêd bringt ferhalen, besprekken, poëzije en kollums. Sjoch ek: ensfh.nl
Rely Jorritsma Priisfraach:
Ek it winnen fan ‘de Rely’ kin in enoarme opstekker wêze, seker foar nije skriuwers. De Rely Jorritsma Priisfraach wurdt alle jierren útskreaun. Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern. Wa’t meidwaan wol moat syn of har bydrage foar 1 maaie ynstjoere. Foar mear ynformaasje en de spulregels, sjoch op: littenseradiel.nl
Ryk wurde:
Gebrûklik is dat de skriuwer, neist 20 eksimplaren, 10% fan de ferkeappriis krijt. De oplagen fan Frysktalige boeken binne lykwols net heech, dus it tikt net bot oan. Mar lit de hoop net farre: It Fonds voor de Letteren makket it skriuwers finansjeel mooglik tiid frij te meitsjen foar it skriuwen fan in literêr boek. Ek Fryske skriuwers. Ast ien boek publisearre hast, kinst in stimulearingbeurs oanfreegje en ast mear boeken op dyn namme hast, kinst in wurkbeurs oanfreegje. It Fonds sjocht dêrby nei de kwaliteit fan it earder publisearre wurk en nei dyn wurkplan. Foar de fierdere betingsten sjoch fondsvoordeletteren.nl.
Wurd lid fan it Skriuwersboun!!!