SKRIUW: in geweldich projekt!





Doe’t it bestjoer fan It Skriuwersboun foarich jier op de ledegearkomste fertelde dat men dwaande soe om in projekt op te setten foar de begelieding fan oankommende skriuwers wie ik daliks entûsjast. As nije skriuwer kinst nammentlik in geweldich soad opstekke fan minsken mei ûnderfining dy’t ree binne om dyn earste ‘probearsels’ te lêzen en dêr kommentaar op te jaan. Nimmen wurdt ommers as skriuwer berne...


Fansels moat in der in beskaat talint wêze: in skriuwer moat in sin bouwe kinne, gefoel foar styl ha en syn ynstrumint – de taal – behearskje. Ek moat er in idee ha wêroer te skriuwen, him ynlibje kinne yn syn persoanaazjes en misskien sels, ôfhinklik fan it ûnderwerp, op ûndersyk út.

  En dan? Dan jout er him del en begjint. Hy skriuwt, werlêst en werskriuwt. Watst as skriuwer lykwols in prachtige sêne fynst, kin de lêzer wol geëamel fine. En as dyn haadpersoan yn it begjin fan in ferhaal bygelyks in dûbeltsje ferliest en it letter werom fynt, kin it net sàmar in kwartsje wurden wêze. Wat de haadpersoan mei- en trochmakket, dêr moat in bepaalde logika yn sitte. Is dy logika der? Ast it spannend ha wolst is it dan ek spannend? Of as passaazjes as humor bedoeld binne, slagget it dan om de lêzer laitsje te litten of, op syn minst, in glimke op syn gesicht te tsjoenen?

  Bliken docht dat sawat elke skriuwer, net allinne in debutant mar ek de ‘âld rot’ yn it fak, bline flekken hat as it om syn eigen wurk giet. Soms is de plot min of mear goed, mar is der noch wol wat oer it taalgebrûk of de styl op te merken. Dit is net it plak om alles wat der oan mankeare kin op te neamen, mar in boek is der net samar. Seker foar in begjinnende skriuwer is it dêrom handich om in meilêzer of in redakteur te hawwen dy’t op saken wiist dy’t oars en better kinne.


Dêrfoar kin men terjochte by skriuw. It projekt rjochtet him op nije, oankommende skriuwers, mar ek wa’t bygelyks poëzije skreaun hat en foar it earst mei proaza dwaande is, of oarsom, kin him by my of, wannear’t ik net berikber bin, by Piter Boersma oanmelde foar manuskriptbegelieding of manuskriptbeoardieling.


Earst wurdt besjoen oft de skriuwer yn oanmerking komt foar begelieding of in beoardieling. Dat is it gefal as de ferwachting is dat de skriuwer genôch yn him hat om nei ôfrin fan it trajekt mei syn manuskript nei in útjouwer stappe te kinnen. Dêrnei wurdt mei de skriuwer in petear holden om oan te jaan wat de mooglikheden binne en te besjen wat syn fragen en ferwachtings binne.

  Skriuw makket gebrûk fan in pool fan begelieders, allegear ha se ûnderfining mei dit wurk. Op grûn fan it soart manuskript en de fragen fan de skriuwer wurdt in begelieder/beoardieler socht. Dy makket in lêsrapport mei tips om it wurk te ferbetterjen en/of fierder te kinnen.


Mei tank oan in jefte fan de Wendelaar Bonga Stifting kin de eigen bydrage dy’t de skriuwer foar begelieding of manuskriptbeoardieling betellet op in akseptabel nivo holden wurde. De krekte betingsten binne te finen op: skriuwersboun.nl.


Elske Schotanus, koördinator skriuw

skriuw@hotmail.com