Friesch Dagblad Cultuurzaterdag, 4 oktober 2008
Skriuwersboun siket nije skriuwers
Der binne al tsien oanfragen binnen, fertelt Elske Schotanus, koördinator projekt Skriuw! en bestjoerslid fan it Skriuwersboun. Mar se kinne fansels noch folle mear manuskripten brûke. Se hat genôch begelieders efter de hân.
Troch Gerbrich van der Meer.
Sûnt in skoftke bestiet it projekt ‘Skriuw!’, in ynisjatyf fan it skriuwersboun om mear minsken oan it skriuwen te krijen. It idee kaam fia fia, fertelt Schotanus. ,,In skoftke lyn hearde ien fan ús bestjoersleden oer it buro ‘scriptplus’. Begjinnende skriuwers koene by him op kommersjele basis telâne as se advys hawwe woene oer har skriuwkwaliteiten. It idee fan de opset komt dêrwei.” Yn dyselde tiid wie it skriuwersboun krekt yn petear mei it Wendelaar Bonga fûns. Dy woe wol 15 tûzen euro ynsette om minsken oan te setten ta skriuwen yn it Frysk. It projekt Skriuw! wie it risseltaat.
Skriuw! wol minsken oansette ta skriuwen yn it Frysk. Proaza, poëzy, muzykteksten, toanielteksten, teksten foar bern of jeugd, it makket net út as it mar yn it Frysk is. ,,In hiele soad minsken hawwe ommers wolris wat skreaun, mar witte net goed oft it wol kwaliteit hat, seit Schotanus, ,,se doarre der miskien net mei nei in útjouwer ta, wylst dat wol yn ’e holle omsangeret.” Skriuw! wol in opstap wêze foar eltsenien dy’t nocht oan skriuwen hat. ,,Minsken dy’t bygelyks in tekst lizzen hawwe dy’t heal-ôf is om’t se fêst sitte, kinne ek gewoan by ús oankomme. As jin in ferhaal of tekst yn ’e holle omspoeket, mar je witte der net goed struktuer yn oan te bringen is it dochs prachtich om advys te krijen fan ien dy’t der echt doel oer hat.”
Yn febrewaris is Skriuw! útein set, fertelt Schotanus. Oant no ta binne der tsien oanfragen binnen kommen. ,,En dat binne wier net allegearre minsken út ’e skriuwerswrâld, hear.” It binne oanfragen fan minsken dy’t al skoften wat yn ’e kast lizzen hiene, mar ek fan in jonge fint dy’t entûsjast oan it skriuwen rekke nei’t Schotanus in presintaasje fan it projekt hâlden hie oan ’e Universiteit fan Grins. Ek leit der in oanfraach fan in skriuwer tusken dy’t eins wolris op in oare wize fierder wol en dêr graach advys oer hawwe wol.
Earste skifting
Elske Schotanus is de koördinator fan it gehiel. ,,As ik de stikken binnen krij, meitsje ik in earste skifting. As de tekst ek mar in bytsje potinsje hat, stjoer ik it troch nei ien fan de begelieders. Dat binne minsken dy’t ûnderfining hawwe op it mêd fan it beoardielen fan ferskate soarten teksten, lykas poëzije, proaza, berne- en jeugdliteratuer.
De beoardieling bart yn earste ynstânsje anonym. ,,De begelieder wit net fan wa’t de tekst is. Sa kin er sa neutraal mooglik nei de tekst sjen. Ek de ynstjoerder wit net, wa’t syn manuskript beoardiele hat.”
Nei ôfrin skriuwt de begelieder in lêzersrapport. ,,Dêryn giet er yn op de styl, it perspektyf. Hy besjocht oft de dialogen noflik rinne, of de struktuer doocht ensafuorthinne.” As der tekoarten te merkbiten binne, skriuwt de begelieder dat ek op. ,,Ta beslút jout er nog suggestjes as dy nedich binne.” It lêzersrapport giet nei de skriuwer dy’t dêr syn foardiel mei dwaan kin. Eventueel wurdt der noch in petear arrangearre tusken skriuwer en begelieder dêr’t it iene en it oare noch wat yn útdjippe wurde kin. Oft sa’n koart yntinsyf kontakt wat opsmite sil? ,,Wy binne ús derfan bewust dat dit projekt gjin talint meitsje kin. Dêrfoar moat der mear barre. Mar we kinne minsken wol krekt dy oantrún jaan dy’t se miskien nedich hawwe om serieus oan it skriuwen te reitsjen. Tagelyk hinget it fansels ek fan ’e oanfreger ôf hoe tûk er mei it kommintaar omgiet. Ik wit noch fan dy man dy’t in stik tastjoerde, mar dy’t ik ôfkarre moast. Doe’t ik him útlein hie wêrom, krige ik in skoftke letter pront in twadde ferzy. Dat wie werklik stikken better.”