Hast ferhalen of fersen skreaun, in printeboek yn ’e holle of miskien sels in roman klearlizzen. En no sitst mei in tal fragen: Is it goed genôch om te publisearjen? Doocht it perspektyf, de struktuer, de styl? Sa nee, wat moat der dan noch oan dien wurde?
Spoeket dy in ferhaal yn ’e holle om, stean de personaazjes dy miskien al klear foar de geast, mar witst net krekt hoe ast dêr struktuer ynbringe kinst?
Hast in idee en wolst advys om it literêr stal te jaan? Sitst fêst mei dyn skriuwen en wolst it der wolris mei oaren oer ha?
Skriuw helpt dy derby
Betûfte redakteuren beoardiele dyn wurk, bringe korreksjes oan en sette der kanttekeningen by. Ek wurdt der in lêsrapport opsteld dêr’t de begelieder syn miening oer dyn wurk yn jout en mei suggestjes komt.
hoe?
Kinst dyn wurk yn parten oan Skriuw foarlizze, bygelyks haadstik foar haadstik. Kinst ek in folslein manuskript neisjen litte.