begelieding
en
manuskriptbeoardieling
In oar syn flaters falle altyd mear op as dyn eigen. Op in stuit sjochst dy blyn op dyn eigen tekst. De manuskriptlêzers jouwe oanwizingen om it wurk te ferbetterjen en te werskriuwen. Ast dyn wurk oan Skriuw foarleist krijst in lêsrapport. Ofhinklik fan de aard fan it manuskript wurdt sjoen nei aspekten as de struktuer fan it ferhaal. Doocht de psychology? Sit it logysk yn elkoar? Saken dy’t ek oan ’e oarder komme kinne binne bygelyks perspektyf- of stylkwestjes. In tal siden wurdt op tekstueel nivo wiidweidich fan kommentaar foarsjoen. Krijst konstruktive en konkrete advizen.
skriuwe is werskriuwe
De tekst is dyn ‘berntsje’, skriuwen hat te krijen mei de eigen ûnderfining, emoasjes en smaak. Krekt dêrom kin it fan belang wêze dat der in objektyf each oer giet. Foardatst dyn wurk ynstjoerst hast it al meardere kearen neisjoen. Op struktuer, op taalgebrûk, op styl. Skriuwe is werskriuwe. It risiko is datst op in stuit net mear sjochst wêr’t it ferkeard giet. Der kin in spjalt sitte tusken it effekt fan de tekst op de lêzer en watst foar eagen hast. Is de tekst ek nijsgjirrich foar it publyk? Skriuw helpt dy de kâns op publikaasje realistysk yn te skatten.
de tekst is de noarm
De manuskriptelêzer giet út fan de tekst. In gedicht wurdt oars besjoen as proaza. Eksperiminteel wurk oars as in psychologyske roman. De begelieder leit gjin literêre noarmen op dy’t yrrelevant binne foar dyn manuskript. Kommentaar op dyn teksten kin tige ferhelderjend wurkje. Dêr hast net allinne nò wat oan, mar ek by dyn lettere wurk.
manuskriptbeoardieling
It manuskript giet, anonym nei de manuskriptlêzer. Fia de koördinator krijst in helder en oersichtlik lêsrapport, mei saakkundige advizen. Dy kinne hâldfêst biede by it werskriuwen. As der noch fragen oer it lêsrapport binne, kinst kontakt opnimme mei de koördinator.
skriuwbegelieding
Yn guon gefallen kin, yn oerlis mei de koördinator, in geregeld kontakt tusken de skriuwer en de manuskriptlêzer ta stân brocht wurde, bygelyks as de skriuwer stipe siket by it skriuwproses sels.
it ferfolch
Ast it manuskript werskriuwst, kinst it, sanedich, in twadde kear foarlizze oan Skriuw. Wa wit is it dêrnei goed genôch om de stap nei de útjouwer te setten. Dat wolle wy mar al te graach. It is oan dy om in útjouwer te sykjen dy’t by dy en by dyn wurk past, Skriuw advisearret dêryn net, krijst al in list mei alle adressen. Ek by de links stean de websiden fan útjouwers fan Frysktalich wurk. Faaks hat de redakteur fan de útjouwerij noch kommentaar op it manuskript, miskien fynt er it hielendal net passen yn syn fûns. Mar nijsgjirrich nei dyn wurk is er yn elts gefal altyd.